Simmer 2000-skeel bylein

© Omrop Fryslân
De Simmer-2000 keapfideo is wer gewoan yn 'e hannel. Produsint Video NoordNederland hat freed betelle foar it brûken fan 'e muzyk fan 'Simmertime'. It bedriuw hie dit yn earste ynstânsje neilitten. It soe gean om 10.000 gûne.
Piter Wilkens betellet inselde bedrach oan it Noord Nederlands Orkest. Wilkens mei no syn liet 'It Paad Werom' mei orkestbegelieding útbringe op CD.