Europa stipet minderheidstalen

16 sep 2000 - 13:25

Europa sil yn 2001 5,5 miljoen gûne útlûke foar stipe oan minderheidstalen. Oant 6 novimber kinne yn Brussel projekten yntsjinne wurde op it mêd fan ûnderwiis, media en taal & ekonomy.

Projekten mei in 'Europeeske diminisje' meitsje de measte kâns op 50.000 oant 150.000 Euro. De Europeeske stipe foar lytse talen hat lang ûnwis west omdat der gjin 'wetlike basis' foar wêze soe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)