It Bilt siket nije motiven

© Omrop Fryslân
B en W fan It Bilt stelle de gemeenteried foar om it beswierskrift fan it aksjekomitee 'Dertig okay, 400 Nee' op 'e nij te besjen en wiidweidiger te motivearjen. It beswierskrift hannele oer it fersyk om in referendum te hâlden oer de komst fan in asylsikerssintrum.
De ried besleat earder al om it beswierskrift sûnder grûn te ferklearjen mar de rjochter sei dat de motiven net doogden.