SCI set Skotten oan it wurk

© Omrop Fryslân
Kompjûter-fabryk SCI op It Hearrenfean hat op it stuit 'inkelde tsientallen' Skotten oan it wurk. Neffens de direksje giet it om in tydlike saak.
SCI hat sa'n 350 fakatueres. In earste oprop smiet sa'n 30 nije meiwurkers út Fryslân op. Om net 'in stik business' te missen hat it bedriuw inkelde tsientallen eks-meiwurkers út Skotlân tydlik nei It Hearrenfean helle.