Simmer 2000 fideo út 'e hannel?

14 sep 2000 - 17:33

De platemaatskippij fan De Kast hat in claim yntsjinne by de produsint fan 'e Simmer 2000-videobân. Video Noord-Nederland hat sûnder tastimming materiaal brûkt foar de keapvideo.

VNN Mediaproduksjes jout ta in flater makke te hawwen en sil De Kast noch in bod dwaan. Om De Kast hoecht de bân net út 'e hannel, mar moat de VNN har wol oan 'e ferplichting hâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)