MCL-personiel fielt wurgens

© Omrop Fryslân
It Ljouwerter MCL-sikehûspersoniel koe woansdei mei help fan kompjûtertechniken sels ûnderfine hoe wurch oft kankerpasjinten har fiele. In wein mei it program 'In my steps' reizget troch it lân.
Doel fan it Amerikaanske 'virtual reality' program is dat dokters en ferpleechkundigen mear begryp krije foar klachten oer wurgens dêr't 70 prosint fan de kankerpasjinten lêst fan hat.