Gemeentehûs Skier net feilich

14 sep 2000 - 13:27

It gemeentehûs opp Skiermûntseach is net brânfeilich en foldocht ek net oan de ARBO-easken. Dat komt út ûndersyk nei foaren dat ferskillende ynstânsjes yn opdracht fan de gemeente dien hawwe.

Om de ûnferantwurde sitewaasje te ferhelpen stelt it kolleezje út om it nije part achter it gemeentehûs te slopen en nij te bouwen. De kosten dêrfan wurde rûsd op twa miljoen gûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)