Mear auto's ride op gas

13 sep 2000 - 11:06

De fjouwer LPG-omboustasjons yn de provinsje hawwe it tige drok. Foar in protte saaklike automobilisten is it foardieliger fan bensine of disel oer te stappen op gas. De wachttiid yn Ljouwert is twa moannen.

De hieltyd hegere brânstofprizen is in reden foar de kar fan gas. Boppedat jout it ryk in stipe fan 700 gûne op de wegebelesting foar auto's mei in LPG-tank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)