Omropauto Mercurius útbaarnd
Foar de tredde kear yn koarte tiid is de lokale omrop Mercurius yn Ljouwert troffen troch brân. Dizze kear wie it de nije reportaazjewein fan de omrop. Yn foarige gefallen waard it pân troffen.
De wein stie sneintenacht parkeard by it omropgebou yn de Bagijnestrjitte. De wein is troch brânstifting folslein útbaarnd. In oare auto rekke skansearre.