FNP ferbjustere oer Grins

© Omrop Fryslân
De FNP-steatefraksje is ferbjustere oer it feit dat Ljouwert mooglik net opnaam wurdt yn it stedsnetwurk. Grins en Assen hawwe oanjûn net mei Ljouwert yn sa'n netwurk sitte te wollen. Se soene benaud wêze dan sels minder kâns te meitsjen op de status fan stedsnetwurk.
Neffens de FNP tsjinnet de gearwurking tusken de trije stêden foar Grins blykber om der sels better fan te wurden.