Atsma yn aksje foar Frysk op NHL

© Omrop Fryslân
It CDA-Keamerlid Joop Atsma en Eurlings, syn partijgenoat, fersette har tsjin it mooglik ferdwinen fan de oplieding Frysk oan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert.
De NHL wol mei de learare-oplieding Frysk ophâlde om't de hegeskoalle in tekoart fan 150.000 gûne hat. Atsma wol dat de ûnderwiisminister ôfspraken makket oer it trochsetten fan de oplieding en stelt út dat de provinsje bydraacht.