Van den Heuvel winner Wolvegea

© Omrop Fryslân
Pikeur Huib van den Heuvel wûn sneon de hynstewedstriid 'De race om één miljoen' yn Wolvegea mei it hynder Odd's Against. Tjitse Smeding is de trener fan it winnende hynder.
Van den Heuvel krige 350.000 gûne. De prizepot is de grutste yn de skiednis fan de Nederlânske hynstesport. Tolve hynders dienen oan de wedstriid mei. Der wienen likernôch fiiftûzen taskôgers.