Ljouwert falt bûten de boat

© Omrop Fryslân
Ljouwert driget net opnommen te wurden yn it noardlik stêdenetwurk mei Grins en Assen. Neffens boargemaster Van Maaren moat kontakt mei Swolle socht wurde.
It Ryk wol 13 stêdenetwurken opsette. Dat stiet yn de fyfde Nota Romtlike Oardering. De stêden krije ekstra jild foar grutte projekten as wenningbou. Fryslân praat tiisdei mei de bestjoeren fan Grins en Drinte oer in mooglike opname.