Flinke winst Friesland Coberco

© Omrop Fryslân
Friesland Coberco hat yn de earste helte fan dit jier in winst fan 71 miljoen gûne makke. Dat is in stiging fan 31 prosint. De omset gie mei 2,6 prosint omheech nei 4,463 miljard. Benammen Friesland International die it goed.
De opbringst fan Friesche Vlag foel ôf. Dat komt ûnder oaren om't Albert Heijn foar it húsmerk oerstapt is nei in oare leveransier.