Ein oan partikuliere befeiliging
Dongeradiel is fan doel op te hâlden mei partikuliere befeiliging fan de hoarekagelegenheden yn 'e binnenstêd fan Dokkum. It tafersjoch yn it wykein wurdt sûnt 1997 útfierd troch befeiligingsbedriuw Schaaf.
It bedriuw waard ynhierd om't der in tekoart oan plysjeminsken wie yn it distrikt. Dat tekoart is yntusken fuortwurke. Boppedat is de oerlêst minder.