Lichte feroardieling plysjeman

08 sep 2000 - 11:22

De rjochtbank yn Ljouwert hat in 55-jierrige plysjeman út Easterwâlde feroardiele ta twa moanne finzenisstraf op betingst mei in proeftiid fan 2 jier. De plysjeman deklarearre syn oeren by de regioplysje Ljouwert wylst er yn dy tiid seksuele kontakten hie yn hotels.

By it fonnis is rekken holden mei de persoanlike omstannichheden fan de man. Der wie in swierdere straf easke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)