Helte minder kantoaren foar GCO

© Omrop Fryslân
Trije kantoaren fan de ûnderwiisbegeliedingstsjinst GCO Fryslân wurde ynformaasjepunten. It personiel fan Stiens en Dokkum ferhuzet nei it nije haadkantoar yn Ljouwert dat oer trije jier klear is.
De meiwurkers fan Wolvegea moatte nei Drachten. It werombringen fan de seis besteande kantoaren soe in effisjintere yndieling betsjutte. De romtes bliuwe beskikber foar kursussen.