Nij Frysk jongereintydskrift
Der is in nij Frysk tydskrift foar de leeftyd fan 12 oant 14 jier. It tydskrift hjit fan Linkk, lykas it TV-programma foar de basisfoarming.
Kommissaris fan 'e Keninginne Ed Nijpels krige woansdei it earste nûmer fan Linkk. Hy wie der wiis mei. Underwerpen yn de earste Linkk binne SMS, kompjûterfirussen, sweeffleane en NOS-waarman Gerrit Hiemstra.