Wethâlder Gaasterlân mei bliuwe

06 sep 2000 - 13:33

PvdA-wethâlder Oosterhoff fan de gemeente Gaasterlân-Sleat oerlibbe tiisdeitejûn in moasje fan wantrouwen. De VVD hie de moasje tsjin har yntsjinne om't se yn it kolleezje op 'e nij in minderheidsstânpunt ynnaam.

De VVD wie foaral net te sprekken oer dat se pas nei de kommisjebehanneling har miening joech. Oare partijen stimden net mei de moasje yn en fersmieten dy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)