Hier op Nijstêd net te beteljen

06 sep 2000 - 11:16

De hierprizen foar winkels oan 'e Ljouwerter Nijstêd binne op 't stuit tige heech. Neffens in lanlik ûndersyk heart de strjitte ta de top 10 fan 'e djoersten yn Nederlân.

Lokale ûndernimmers kinne sadwaande amper oan in geskikt ûnderkommen slagje. De hege hieren binne te witen oan 'e grutwinkelbedriuwen. Dy driuwe de prizen fan 'e toplokaasjes op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)