Opsterlân kiest foar Diftar

05 sep 2000 - 17:58

Yn de gemeente Opsterlân wurdt 1 jannewaris 2001 it diftarsysteem ynfierd. Dat hâldt yn dat de minsken betelje moatte foar it oantal kilo's hússmoargens dat se oan 'e dyk sette.

It Diftar-systeem is earder al ynfierd yn Hearrenfean en Eaststellingwerf. Mei de ynfiering rekkenet Opsterlân op sa'n 15 prosint minder smoargens. Húshâldings yn de heechbou hâlde it âlde systeem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)