Sandra Douma wint Ladies Cup

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter autocourreur Sandra Douma hat sneon yn Zandvoort de Citroën Saxo Cup wûn. Troch pech yn 'e opwaarmronde ferskynde hja net oan 'e start. Hja hie safolle punten dat konkurrinte Smit dy't ek útfoel - har net ynhelje koe.
It haadklassekeatsen yn Penjum is snein wûn troch it partoer Lootsma, Vlietstra en Den Breejen (kening). Westra, Bleeker en Van der Meer waarden twadde.