Festiging Amels yn Vlissingen
Skipswerf Amels fan Makkum begjint yn Vlissingen mei in nije helling foar tige lúkse jachten. Dêr wurde skippen boud dy't mear as 100 miljoen gûne kostje.
De nije werf kriget de namme Amels Schelde. Neffens de direksje fan Amels is der hieltyd mear ferlet fan 'e tige lúksueuze jachten.