Teloarstelling foar Snits

© Omrop Fryslân
Yn 'e fuotbalhaadklasse spile Snits snein tsjin de kampioen fan ferline jier Achilles '94. De Snitsers ferlearen mei 0-1 fan 'e gasten út Assen.
De trije Fryske clubs yn 'e earste klasse F diene it snein wikseljend. De Westerein spile yn Meppel gelyk tsjin MSC (4-4). Wolvegea wûn thús fan Stienwyk (7-2). It degradearre Drachten ferlear mei 5-0 fan Stedskanaal