Promoasje Ljouwert moat better
De Stichting Promoasje Ljouwert (SPL) slacht fiks op 'e tromme mei harren nije beliedsplan 'De Hoofdstadbelevenis'. It plan is freed oanbean oan wethâlder Brok fan kultuer.
De SPL wol dat der folle mear eveneminten yn Ljouwert plakfine. Sa moat de nije attraksje it Patershuys jierliks 70.000 minsken lûke. Wethâlder Brok wol dêrfoar jild op it kleed lizze.