Heechste punt blokkedoazen

02 sep 2000 - 16:29

De omstriden 'blokkedoazen' by de Prinsetún hawwe it heechste punt berikt. Yn de twa 'doazen' sitte 26 apparteminten, dy't al ferkocht binne.

It komitee 'Slappe Knieën' hat earder tsjin de blokkedoazen protesteard, mar projektûntwikkelder Heijmans lit wite 'grutsk' te wêzen op de apparteminten. It bedriuw hat de gemeente in cheque jûn om in keunstwurk foar te keapjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)