Spits Rafael nei Hearrenfean

02 sep 2000 - 15:10

SC Hearrenfean hat de Braziliaan Rafael Piris Viera kontraktearre. De spits (22) tekene foar trije jier by de Fryske club. Viera spile by it Finske HJK Helsinki. Hy is transferfrij op 16 novimber, mar Foppe de Haan wol him earder oerkomme litte.

Viera mei net meidwaan mei Hearrenfean oan 'e Champions League. Foar Helsinki skoarde er 37 kear yn 69 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)