Fakatueres SCI stadich opfold

01 sep 2000 - 17:45

Fan de 350 fakatueres by kompjoeterbedriuw SCI op It Hearrenfean binne noch mar 32 ynfold. Hoewol't der dus noch in soad wurknimmers komme moatte, is it arbeidsburo net ûntefreden oer de earste resultaten.

Oardel wike lyn liet SCI witte dat der 350 nije minsken nedich binne. Fanwege de krapte op de arbeidsmerk is it dreech alle fakatueres gau op te foljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)