Appelskea krijt golfbaan

© Omrop Fryslân
De gemeente Eaststellingwerf ferwachtet meikoarten de bou-oanfraach foar in grut bungalowpark mei in golfbaan yn Appelskea. It park mei romte foar sa'n 200 bungalows, moat komme op de Hildenberg, súdlik fan kamping de Roggeberg.
De golfbaan dy't der by komt, bestiet út 9 holes. It plan komt fan de Grontmij. Dy hat de grûn al kocht. It bestimmingsplan moat noch oanpast wurde.