Grien ljocht foar kokkelfiskers

31 aug 2000 - 12:35

De Raad van State hat woansdei de beswieren tsjin de fangst fan kokkelskelpen yn de Waadsee ôfwiisd. De beswieren wiene yntsjinne troch de Fûgelbeskerming en de Waadferiening. Dy miene dat der te min kokkels oerbliuwe foar strânljippen en eidereinen.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat der fiif kear safolle kokkels binne as de fûgels opite kinne. De fiskers farre no wer út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)