Lânskip festlein yn Aldeboarn
Yn Aldeboarn sil skilder Reinoud Bekkema tongersdei begjinne mei in grut doek oer it Fryske lânskip. Op it skilderij, dat 30 kante meter wurde moat, wol de keunstner alle fasetten fan it lânskip fêstlizze.
Bekkema makket it doek yn it ramt fan de wike fan it plattelân, dy't oer twa wike begjint. Dêrnei wurdt it feild. De opbringst giet nei in goed doel.