Talan en Lurling yn Oranje

© Omrop Fryslân
Jeffrey Talan en Anthony Lurling binne tiisdei troch bûnscoach Louis van Gaal oproppen foar it Nederlânsk Alvetal. De beide spilers fan SC Hearrenfean binne de ferfangers fan Marc Overmars en Boudewijn Zenden, dy't blessearre binne.
Talan hat al earder spile foar Oranje, mar foar Lurling wurdt it de earste kear. De WK-kwalifikaasjewestriid Nederlân-Ierlân wurdt sneon spile.