Thússoarch siket personiel

© Omrop Fryslân
De thússoarchorganisaasjes yn SúdeastFryslân sykje op koarte termyn 200 minsken. Om dat te realisearjen wurdt fan begjin septimber ôf in kampanje opset om personiel oan te lûken.
It inisjatyf komt fan De Friese Wouden yn Drachten, Zorggarant op It Hearrenfean en SamenZorg yn Ljouwert. Doel is om de wachtlisten yn de thússoarch op koarte termyn fuort te wurkjen.