Fideobân Simmer 2000 oanbean

29 aug 2000 - 18:12

Kommissaris Ed Nijpels hat tiisdei de earste fideobân krigen oer Simmer 2000. De film is makke troch in bedriuw út Stienwyk.

Nijpels sei by it yn ûntfangst nimmen dat er hopet dat de bân de hiele wrâld oer gean sil. Fierder hopet er dat de fideobân krekt sa'n sukses wêze sil as Simmer 2000 sels. Der binne al tûzen bannen yn 't foar besteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)