Berne-opfang yn 'e stâl

© Omrop Fryslân
De noardlike boere-organisaasje NLTO is noch net fan doel boerinnen struktureel te helpen by berne-opfang. Neffens de susterorganisaasje yn it westen binne pleatsen dêr tige gaadlik foar.
De NLTO wol earst it sukses yn SúdHollân ôfwachtsje. Boerinnen dy't yndividueel begjinne, krije wol help fan 'e NLTO. Der binne op 't heden fierste min plakken foar berne-opfang.