Handicapten stappe nei rjochter

29 aug 2000 - 14:32

Tolve ferstanlik handicapten út tehûs Olmen Es yn Appelskea stappe nei de rjochtbank. Hja wolle fan 'e gemeente Eaststellingwerf in taksy-fergoeding ôfdwinge.

De gemeente wegeret de fergoeding te jaan ut 'e pot Wet Voorziening Gehandicapten (WVG). Neffens B en W kinne de handicapten wol ûnder begelieding mei it iepenbier ferfier reizigje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)