Hinder foar ferkear by Snits

© Omrop Fryslân
It ferkear moat dizze wike by Snits rekken hâlde mei flinke fertragings. Rykswettersteat is moandei begûn mei de renovaasje fan it krúspunt SnitsBoalsert. Dat betsjut dat der mar ien rydstrook beskikber is.
Tongersdei wurdt út ein set mei it opknappen fan de Geeuwbrêge. Dat hat gefolgen foar sawol it ferkear oer de dyk as foar it skipfeartferkear.