Ambulânse oer de kop op Wâldwei

29 aug 2000 - 13:23

By in ûngelok op 'e Wâldwei is moandei in sike-auto oer de kop slein. De ambulânse soe in pasjint ophelje yn Earnewâld. Hy ferdage foar in file by de Fonejachtbrêge.

Mei in soad faasje ried de sikewein om de rige wachtsjende auto's hinne. Dêrby rekke er fan 'e dyk. De bestjoerder is mei rêchletsel yn it sikehûs opnommen. De byrider mankearde neat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)