Trije punten foar Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Hearrenfean behelle sneon tsjin Fortuna Sittard de earste oerwinning fan it nije fuotbalseizoen. Yn Sittard wûnen de Feansters mei 0-2 troch doelpunten fan Arek Radomski en Mika Nurmela.
Fortuna moast al yn de twadde minút mei tsien man fierder. Volmer krige de reade kaart nei't er de trochbrutsen Talan ûnderút helle hie. Hearrenfean wie technysk folle better mar miste kânsen.