Besite foar Frysktalige pjutten

28 aug 2000 - 14:08

Pjutteliedsters út it Dútse NoardFryslân bringe meikoarten in besite oan boartersplakken yn Fryslân. Doel is om ûnderfining op te dwaan by Frysktalige boartersplakken.

Yn Dútslân wurde ek Frysktalige boartersplakken opset. Dat bart mei in subsydzje fan 100 tûzen mark fan de Fryske Ried. Oant no ta wiene der gjin Fryske boartersplakken yn Dútslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)