48 dielnimmers oan SjONG

10 mrt 2010 - 19:45
  • Yldau Bylsma (rjochts) wûn SjONG yn 2008

Der hawwe har dit jier goed 48 dielnimmers opjûn foar it Fryske jongereinsjongfestival SjONG. Ferline jier diene der noch 50 mei. Trije dagen foar de deadline seach it der lykwols noch net sa moai út. Der wiene noch mar acht oanmeldings binnenkaam. Mar de alderlêste dagen kamen dêr noch fjirtich dielnimmers by.

By SjONG skriuwe learlingen út it fuortset ûnderwiis fan 12 oant en mei 18 jier in eigen Fryske tekst op in besteand popnûmer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)