Langwar hat nocht fan oerlêst

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Langwar meitsje har soargen oer har doarp. Se wolle it etiket kroegedoarp sa gau mooglik kwyt. Benammen alkoholdrinkende jongeren by de haven soenen foar oerlêst soargje.
It bart al geregeld dat toeristen útwike om't se nachts net sliepe kinne fan it leven. Ek it tal fernielings nimt ta. De groep Langwarders wol mei pleatslik belang om 'e tafel foar in oplossing.