Hûs mei ferkocht foar rekreaasje

© Omrop Fryslân
In hûs dat yn Aldegea (W.) te keap stiet mei ferkocht wurde as rekreaasjewente. Dat hat de rjochter freed besletten. De eigners fan it hûs hienen de rjochtsaak oanspand tsjin de gemeente Wymbritseradiel.
De gemeente woe dat it hûs ferkocht wurde soe as wenhûs. De eigners fierden lykwols oan dat it hûs al sûnt 1971 in rekreaasjebestimming hat.