Europeesk Diploma foar Boskplaat
It Skylger natuergebiet De Boschplaat hat foar de kommende fiif jier op 'e nij it Europeesk Diploma yn 'e wacht sleept. Dat diploma krige it gebiet foar it earst yn 1970. Dêrnei moast it om 'e fiif jier fernijd wurde.
In saakkundigekommisje fan de Ried fan Europa besiket dan it gebiet en giet nei oft it noch oan alle kritearia foldocht. Staatsbosbeheer beheart De Boschplaat.