Tekoart oan studintekeamers

25 aug 2000 - 13:54

Yn Ljouwert driget in tekoart oan studintekeamers. Neffens de Stichting Studintehúsfesting wurdt it hieltyd dreger de studinten ûnder te bringen.

De gemeente sjocht ek dat it tal keamers ôfnimt. Dat soe ûnder oaren komme troch in nije feroardering dêr't yn oanjûn wurdt oan hokker easken in studintewenning foldwaan moat. De sanearing fan huzen en wiken spilet ek mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)