Toeristyske bedriuwen tefreden

25 aug 2000 - 11:31

It toeristysk bedriuwslibben yn Fryslân is tefreden oer de simmer fan 2000. De kampings hawwe in minne julymoanne hân fanwege it wiete waar, mar binne de skea no wer oan it ynheljen.

Hotels en bungalow wiene better beset as yn 1999. Ek de attraksjeparken diene it goed. It deitoerisme nei It Amelân en Skiermûntseach foel ôf. Simmer 2000 hat net folle ynfloed hân op de sifers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)