Tyler Hamilton wint tiidrit

25 aug 2000 - 11:31

De Amerikaan Tyler Hamilton hat tongersdei yn Ljouwert de yndividuele tiidrit fan 'e Ronde fan Nederlân wûn. Hy fytste de 19,7 kilometer yn 23.58,30. Twadde waard de Hongaar Laszlo Bodrogi en tredde de Nederlanner Erik Dekker.

Yn it algemien klassemint gie Dekker Robert Hunter foarby. Earder dy deis wûn de Súd-Afrikaan de Fryske etappe fan Boalsert nei Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)