Bolletongersdei sûnder keuring

25 aug 2000 - 09:43

De tradisjonele bollekeuring yn Boalsert giet dit jier wer net troch. Lykas ferline jier binne der te min kealtsjes ynskreaun. Reden dêrfoar is de ferplichte yninting tsjin it IBR-firus.

Bolletongersdei op 5 oktober bestiet no inkeld út in jiermerk. Minsken dy't harren bollen keure litte wolle, kinne dat dwaan op 26 septimber yn Snits. Dêr binne al njoggentich oanmeldings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)