Trio Buma wint frouljus-PC

24 aug 2000 - 19:34

De 24ste edysje fan de frouljus-PC yn Weidum is woansdei foar de fjirde kear wûn troch it partoer Gejanna Buma, Riska Hazenberg en Afke Hylkema. Yn 'e finale wûnen se mei 5-2 en 6-6 fan it trio Gerda Okkinga, Wiesje van den Berg en Helena de Vries.

De tredde priis wie foar Marie Heida, Tineke Algra en Hermanna Miedema. Afke Hylkema waard foar de 4e kear keningin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)