Cessna-dief ferdronken

© Omrop Fryslân
Op it Amelanner strân is woansdei de fertochte fan 'e stellerij fan it Cessna fleantúchje fûn. De 45-jierrige Dokkumer is ferdronken.
It fleantúchje stiigde ferline wike moarns ier en betiid ûnder in tongerbui op. De deis dêrfoar hie de Dokkumer him melden op it fleanfjild. Hy woe nei Kopenhagen ta. In pear dagen letter waard by Rottumerplaat in tsjil fûn.